Glêsfezel yn Noardeast-Fryslân

11 apr 2013 - 13:46

Kabel Noord stekt 20 miljoen yn de oanlis fan in glêsfezelnet yn Noardeast-Fryslân. Yn trije jier tiid krije de gruttere kearnen as Dokkum, Kollum, Ternaard, Damwâld, De Westereen en de doarpen op It Amelân en Skiermûntseach fluch ynternet fia in nij glêsfezelnet.

Lytse doarpen en it bûtengebiet folgje letter. De oandielhâlders, de gemeenten yn Noardeast-Fryslân, stimden dêr woansdei mei yn. De provinsje luts koartlyn 50 miljoen euro út foar glêsfezel, mar dat jild komt hjir net oan te pas neffens Kabel Noord.

Trefwurden: 
glêsfezel Kabel Noord
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)