"De hieren moatte net heger"

De grutste hierdersferiening fan Fryslân fynt dat wenningboukorporaasjes gjin ekstra hierferheging trochfiere moatte. Sosjale wenningbou driget dan ûnbetelber te wurden warskôget de De Bewonersraad.
De feriening skriuwt dat yn syn advys oan de korporaasjes. De Bewonersraad fertsjintwurdiget 50.000 hierders fan de 80.000 Fryske hierwenten.