Hit foar Broken Brass Ensemble

11 apr 2013 - 11:39

It Fryske Broken Brass Ensemble hat in grutte ynternet-hit te pakken. De brassband spilet muzyk yn de New Orleans-styl en harren útfiering fan "Thrift Shop" fan Macklemore & Ryan Lewis is yn in wike tiid hast 300.000 kear besjoen op You Tube. De fideo stie ek op de thússide fan belangrike websiden lykas Daily Motion, The Chive en You Tube sels.

Nei oanlieding fan it sukses spilet de band tongersdei yn Noardewyn by Omrop Fryslân en meikoarten ek by 3FM en Slam FM. Der komme ek televyzje-optredens. De single leit kommende sneon yn de winkel.

Trefwurden: 
Broken Brass Ensemble
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)