Famke berôve yn Ljouwert

De plysje siket in famke dat woansdeitemiddei berôve is yn de omjouwing fan de Nieuweweg yn Ljouwert. Tafersjochhâlders seagen dat in frou it famke besocht te berôvjen fan har beurs. Se koene tuskenbeiden komme, mar de oerfalster draafde hurd fuort.
De plysje wol graach yn kontakt komme mei it slachtoffer en minsken dy't wat sjoen ha. De oerfalster hie in oranje plestik pûde by har.