By kontrôle 22 auto's ynnommen

11 apr 2013 - 10:44

By kontrôles fan de belestingtsjinst en de plysje binne woansdei yn Ljouwert 22 auto's yn beslach naam. Der waard kontrolearre op de Heliconwei en de Grinzerstrjitwei. De auto's waarden yn beslach naam fanwege belestingskuld. Trije auto's waarden daliks fuortsleept. Njoggentjin eigeners krije noch de kâns de skuld op koarte termyn te foldwaan, oars binne se de auto likegoed noch kwyt. Trije oare bestjoerders krigen boetes omdat se de ruten tefolle fertsjustere hiene.

Ien bestjoerder moast syn auto ynleverje omdat er foar de tredde kear betrape waard op it riden sûnder rydbewiis.

Trefwurden: 
kontrôle Belestingtsjinst
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)