Histoaryske priis Pietersen

10 apr 2013 - 20:29

Lieuwe Pietersen hat de Pommeranten Pries fan de Ljouwerter histoaryske feriening Aed Levwerd krigen. De priis is woansdeitejûn útrikt op de algemiene ledefergadering fan Aed Levwerd yn Tivoli yn Ljouwert.

Pietersen waard yn de jierren fyftich meardere kearen Frysk kampioen fierljeppen. Hy studearre sosjology yn Grins en die ûndersyk nei de lês- en sprekgewoantes yn Fryslân. Yn 1969 skeau hy it boek 'De Friezen en hun taal'. Dit wie it earste wittenskiplike wurk oer it praktysk gebrûk fan it Frysk.

Yn de jierren 60 en 70 hie hy op de noardlike radio in eigen sportprogramma. Ek hat hy boeken skreaun oer keatsen, reedriden en skûtsjesilen. De jierlikse sutelaksje foar de ferkeap fan Fryske boeken hat Pietersen betocht. Sûnt Lieuwe Pietersen mei pensjoen is skriuwt hy detektives. Dy spylje har allegear yn en rûnom Ljouwert ôf.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)