Cambuur docht spilers oanbod

10 apr 2013 - 19:52

Sportklup Cambuur wol takom seizoen fierder mei Wout Droste, Martijn Barto en Mart Dijkstra. De kontrakten fan dizze trije spilers rinne ôf, mar se hawwe in oanbieding krigen om by te tekenjen. Earder krige Erik Bakker al te hearen dat hy bliuwe mocht, mar hy is dêr noch net op yngien. Fierder wol Cambuur it kontrakt fan Lucas Bijker mei ien jier ferlinge, oant 2015. De Ljouwerters ha ek om tafel sitten mei Michiel Hemmen en Mohamed El Makrini, mar sy hawwe oanjûn te wachtsjen mei it nimmen fan in beslút. Se hoopje op in klup út de earedivyzje.

Trefwurden: 
fuotbal SC Cambuur
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)