Drintske steaten lilk op 'ús'

De Fryske steaten
De Drintske steaten binne fernuvere en lilk op Fryslân. Fryslân hat earder oanjûn net fierder gearwurkje te wollen op amtlik nivo mei Drinte en Grinslân. Woansdei by de steatefergadering yn Drinte wiene alle politike partijen hjir net bliid mei.
Der wurdt al twa jier praat oer gearwurking, doe't Fryslân witte liet dat der net genôch draachflak foar is. Wurkjouwersorganisaasje VNO-NCW-Noord liet earder ek al witte dat se it spitich fynt dat de trije provinsjes der net yn slagje yntinsiver gear te wurkjen.
Drinte en Grinslân sille wol fierder mei mekoar yn petear.