Mear wurk by skipswerf Harns
Der komt in soad ekstra wurk by op skipswerf De Volharding yn Harns, no't de Bodewesgroep út Meppel de werf oernommen hat. Bodewes hat ek bedriuwen yn Meppel en Hasselt yn België, mar wol ek oan djipper wetter sitte om gruttere skippen bouwe te kinnen. Yn Harns kinne skippen fan 120 meter lang en 20 meter breed makke wurde.