Jagers wolle guozzepreemje

Fryske jagers soene in fergoeding krije moatte foar it ôfsjitten fan 'oerskotguozzen'. Dat sei de foarsitter fan de jagers yn Fryslân woansdeitemiddei op it provinsjehûs. Dêr praten de steateleden yn in kommisjegearkomste oer de útfiering fan it guozzebelied.
Boeren hawwe in protte lêst fan de guozzen. Yn desimber waard op lanlik nivo ôfpraat hoe't it oerskot oan guozzen oanpakt wurde moat. It is no oan de provinsjes om it út te fieren.