Himpkwekerij Ljouwert oprôle

10 apr 2013 - 16:47

Op de Sierswielstrjitte yn Ljouwert is woansdeitemiddei in himpkwekerij oprôle. Yn de wenning stiene 299 planten. De stroom waard yllegaal ôftape. De snoeren wiene sa waarm dat se oan it ranen wiene. Dat soarge foar in gefaarlike situaasje. De plysje hat it guod yn beslach naam. Der is gjin fertochte oanhâlden.

Trefwurden: 
himp kwekerij
(advertinsje)
(advertinsje)