Nij teaterskip kommendeweis

10 apr 2013 - 15:24

Yn Earnewâld wurdt dizze dagen de lêste hân lein oan in nij teaterskip. It giet om in omboude frachtboat. De Fiat waard oankocht troch skûtsjesylferslachjouwer en muzikant Gjalt de Jong. Hy woe der winterdeis fracht mei ferfiere, mar dêr is no gjin wurk yn te finen troch de krisis. De Jong besleat dêrop om der tegearre mei syn freondinne Hylkje in teaterskip fan te meitsjen.

It teaterskip moat op 30 april, mei de ynhuldiging fan kening Willem-Alexander, klear wêze. Der kinne hûndert man oan besikers yn sitte.

Trefwurden: 
teaterskip
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)