Trije hurdriders bekeurd

© Omrop Fryslân
Trije rappe riders binne tiisdeitemiddei by Kollum en yn Ljouwert harren rydbewiis kwytrekke. Op de Kwelderwei by Kollum ried in 21-jierrige man út Broeksterwâld 135 kilometer yn 'e oere dêr't 80 it hurdste is. Eefkes letter ried in 38-jierrige Grinslanner ek mei 135 by de plysje del. Yn Ljouwert wie in 21-jierrige man de klos op de Swettestrjitte. Hy ried dêr 107 kilometer yn 'e oere. Dat is 57 te hurd.
Tsjin alle trije manlju is proses-ferbaal opmakke.