Kramer fersmyt krityk PVV

De provinsje hiert net tefolle tydlik personiel yn. Dat seit deputearre Kramer yn reaksje op fragen fan de PVV-steatefraksje. Fryslân hierde ferline jier foar 15 miljoen euro oan eksternen yn. De totale kosten foar personielsbelied wie yn dat jier 63 miljoen euro. De kosten foar tydlik personiel komme op in lytse 25 prosint út. De PVV fynt dat te heech.
In pear jier lyn is der yn de Twadde Keamer in moasje oannommen dat de kosten om ekstern personiel yn te hieren maksimaal 10 prosint wêze mei.
Deputearre Kramer seit dat it tydlik personiel foar ynfrastrukturele projekten ôflutsen wurde mei. As dat bart, foldocht de provinsje wol oan de tsien prosintsnoarm fan tydlik personiel, sa seit Kramer. De PVV wol it ûnderwerp by de earstfolgjende steategearkomste op 24 april mei de deputearre beprate.