Tafaller foar Menameradiel

10 apr 2013 - 10:28

De gemeente Menameradiel hat it finansjele jier 2012 ôfsletten mei in plus fan mear as 2 miljoen euro. It positive resultaat komt foar in grut part troch tafallers, lykas útkearings troch it gemeentefûns. Wethâlder Lute Pen is bliid mei it positive saldo. Neffens him kin it jild brûkt wurde foar it sterker meitsjen fan it eigen fermogen. Sa stiet der bygelyks wat minder druk op de nije besunigingsdiskusje.

Trefwurden: 
jild gemeente
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)