Twivel V.d. Heide oer takomst

09 apr 2013 - 19:08

Fuotballer Marco van der Heide fan Cambuur wit noch net wêr't sportyf sjoen syn takomst leit. Syn kontrakt by de Ljouwerters rint ôf, mar hy kin op amateurbasis bliuwe. Van der Heide hat op dit stuit in swiere blessuere oan de holle. Cambuur wol earst sjen as dat hielendal wer goed komt. Dan komt hy yn oanmerking foar in nij profkontrakt. De middenfjilder hat ek in oanbieding fan topklasser IJsselmeervogels. Van der Heide kin dêr foar ien jier tekenje.

Van der Heide twivelet noch oer wat hy dwaan moat. Hy soe graach langer yn it betelle fuotbal bliuwe, mar by in amateurklup hat hy mear tiid foar oare saken lykas in stúdzje.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)