Oranje Strik foar Club Red

09 apr 2013 - 17:17

Club Red út Ljouwert krijt as earste yn Fryslân de Oranje Strik. De klup krijt de erkenning omdat se op 30 april in grut dance-festival organisearje op it Aldehoustertsjerkhôf yn Ljouwert. Under oare dj Sunnery James - de man fan Doutzen Kroes - is hjirby oanwêzich.

De Oranje Strik is in idee fan it Nationaal Comité Inhuldiging en wurdt útrikt oan minsken of organisaasjes dy't in orizjinele en autentike aktiviteit organisearje foar in grut publyk fanwege de troanswikseling. De Oranje Strik fan Club Red is útrikt troch kommissaris Jorritsma.

Trefwurden: 
dance Oranje Strik Club Red
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)