Nij distribúsjesintrum Post.NL

09 apr 2013 - 16:47

Oan de râne fan Ljouwert waard tiisdei in nij distribúsjesintrum fan Post.NL offisjeel iepene. It nije sintrum foar paketten moat 250 nije banen opsmite. De Ljouwerter bestjoerders boargemaster Ferd Crone en wethâlder Henk Deinum iepenen it sintrum mei direkteur produksje Albert Rodenboog fan Post.NL.

Op topdagen moatte yn it sintrum tusken de 35.000 en 40.000 pakketsjes ferwurke wurde. Post.NL wol foaral ek ynspylje op webwinkels. Dy kinne de pakketten oant jûns let noch by it distribúsjesintrum yn Ljouwert bringe.

De pakketten binne dan de oare dei te plak.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)