Gjin trochstart Van der Werf

09 apr 2013 - 12:10

Boubedriuw Van der Werf yn Sint Nyk makket definityf gjin trochstart. Dat hat direkteur Herman van der Werf tiisdei bekend makke. Yn maart is it faillisemint oanfrege. Van der Werf fielt him yn de steek litten troch de gemeente Skarsterlân.

Van der Werf hie te folle grûn foar bouprojekten oankocht en de bank woe gjin liening mear jaan. 85 man stiene op strjitte mar hopen op in trochstart fan it bedriuw. Dat sit der net mear yn. Heal maaie sil alle apparateur en boumateriaal ferkocht wurde, ynklusyf de 38 bedriuwsbuskes.

De boumerkwinkel fan Van der Werf giet meikoarten ticht. De gebouwen sels falle oant no ta bûten it falissemint. Alle skuldeaskers moatte mei-inoar noch mear as tsien miljoen euro hawwe fan Van der Werf. Herman van der Werf stiet der neffens eigen sizzen hielendal allinne foar. Sels wurkjouwersorganisaasje Bouwend Nederland liet him yn de kjeld stean.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)