Herpesfirus by oesters

09 apr 2013 - 10:01

Yn de Waadsee is in herpesfirus by oesters ûntdutsen. It giet om in firus dat al foar in hege stjerte ûnder Japanske oesters soarge hat. Undersikers hawwe ferline jier simmer it DNA ûndersocht fan oesters út de Waadsee. It die bliken dat op trije fan de fiif ûndersochte lokaasjes licht oant swier besmette oesters sieten.

Dêrút konkludearret ûndersyksynstitút Gimaris dat it firus no ek yn de Waadsee foarkomt, neidat it earder al oan de Frânske, Ingelske en Ierske kust oantroffen wie. It firus is net gefaarlik foar de folkssûnens.

Trefwurden: 
Waadsee herpes oesters
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)