Staking driget yn finzenissen

09 apr 2013 - 07:30

It personiel fan alle Nederlânske finzenissen en tbs-kliniken leit tongersdei 25 april it wurk del as it reorganisaasjeplan fan steatssiktaris Teeven net fan tafel giet. It lanlik aksjekomitee en de fakbûnen hawwe Teeven in ultimatum steld dat op 18 april ôfrint.

Steatssiktaris Teeven wol tsientallen finzenissen en tbs-kliniken slute. Dat moat in besparring opsmite fan 340 miljoen euro. Dêrtroch gean der 3700 banen ferlern. De finzenis yn Ljouwert bliuwt iepen. Wol moatte der meardere minsken op ien sel.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)