It Amelân klaget oer Arriva

09 apr 2013 - 07:23

De gemeente It Amelân is min te sprekken oer Arriva. Mei yngong fan april set de bus foar de boat fan healwei seizen earder ôf en neffens de gemeente hat de busmaatskippij dat sûnder oerlis dien. Dat hat al soarge foar problemen. Net alle reizgers wiene op de hichte fan de feroaring en misten ôfrûne wike de bus en dêrmei ek de boat.

Wethâlder Bakema hopet dat Arriva tenei earst kommunisearret oer oanpassings yn de tsjinstregeling. Algemeen Belang Ameland fynt de hannelwize fan Arriva sloardich.

Trefwurden: 
Arriva It Amelân ferfier
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)