Nije klachten oer Jeugdhulp

08 apr 2013 - 16:48

De famylje Berghmans fan Tytsjerk is ûntefreden oer Jeugdhulp Fryslân. Oan de begelieding fan pleechgesinnen mankeart in soad, seit de famylje dy't al jierrenlang pleechbern opheint. Ek oare belutsenen komme mei klachten oer de begelieding fan Jeugdhulp Fryslân.

De steatefraksjes fan PvdA, SP en FNP ha skriftlike fragen oer it ûnderwerp steld. De fraksjes sizze dat se noch hieltyd sinjalen krije dat de begelieding fan pleechgesinnen net goed is. Jeugdhulp Fryslân is dêr fernuvere oer. Dat seit direkteur Van Oijen fan Jeugdhulp.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)