Gjin homohaat Snitser froulju

Homo's mishannele op stasjon Snits © Elisabeth Winia
De mishanneling op it stasjon yn Snits, de ôfrûne moanne, wie net homo-relateard. Dat seit de advokaat fan de froulju dy't foar de mishanneling oanhâlden binne. Neffens de advokaat is der rúzje ûntstien nei in opmerking fan de twa manlju, en hat dit neat te meitsjen mei it seksuele aard fan de jonges.
De opmerking soe gien wêze oer it feit dat de froulju Russysk praten. De beide fan 18 en 19 jier binne yn maart twa kear oppakt foar mishanneling. Nei it ynsidint mei de manlju soenen se ek twa froulju slein en skopt hawwe.