Man wol plysjefrou oanride

Oanhâlden © Omrop Fryslân
De plysje fan Grins hat sneintenacht yn de loft sketten om in drankrider (26) út Frjentsjer oan te hâlden. De man wie troch read riden en negearde stoptekens fan de plysje. Neidat er tsjin in fangrail ta stilstân kaam wegere de man om út syn auto te kommen. Doe't in plysjefrou nei de auto rûn, joech de man wer gas yn har rjochting. De plysjefrou hat doe yn de loft sketten en is foar de auto weisprongen.
Nei in achterfolging is de man oppakt oan de Iepenlaan. De freondinne fan de man út Garyp siet by him yn de auto en waard as tsjûge heard.
By it sjitynsidint en de achterfolging is nimmen ferwûne rekke. Op it plysjeburo is fan de man in blaastest ôfnommen. De Frjentsjerter is ynsletten foar neier ûndersyk.