Legere preemje by De Friesland

08 apr 2013 - 12:45

Soarchfersekerder De Friesland is ree om takom jier de soarchpreemje te ferleegjen. Dat seit Diana Monissen fan de ried fan bestjoer yn reaksje op de útspraken fan minister Schippers fan folkssûnens. Neffens de minister kinne de preemjes nei ûnderen, omdat de medisinen goedkeaper wurde.

As dat yndie sa útpakt as de minister seit, kinne neffens Monissen de soarchpreemjes wat ferlege wurde. Earder joegen ek oare soarchfersekerders al oan dat se wol ûndersykje wolle oft de preemjes wat nei ûnderen kinne.

Neffens minister Schippers soene de soarchfersekerders oars tefolle winst meitsje op de soarchfersekeringen.

(advertinsje)