Utspraak Vaatstra wat earder

08 apr 2013 - 12:29

De rjochtbank fan Ljouwert docht op freed 19 april de moarns om healwei alven útspraak yn de saak Vaatstra. Tsjin de fertochte Jasper S. is 20 jier easke foar de moard op en ferkrêfting fan Marianne Vaatstra. De fertochte sil nije wike freed sels by de útspraak oanwêzich wêze.

De offisier fan justysje sei by de eask dat moard en ferkrêfting wettich en oertsjûgjend bewiisd binne. De advokaten fan Jasper S. fine dat hy maksimaal 15 jier sel krije moatte soe. Neffens de advokaten wie S. net fan doel om in moard te plegen en hannele er út panyk.

De útspraak stie yn earste ynstânsje op de rol foar freedtemiddei om 13.30 oere, mar is no ferpleatst nei de freedtemoarn. De rjochtbank hat wol in wike langer de tiid naam foar de útspraak as oars gebrûklik is.

Trefwurden: 
Vaatstra Jasper S.
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)