Foardielpas foar hegere omset

In nije foardielpas moat mear toeristen nei Fryslân helje en ek Friezen sels safier krije dat se mear jild útjouwe yn Fryske winkels en restaurants. De Fryske foardielpas is fan moandei ôf te bestellen op ynternet en op te heljen by bedriuwen dy't meidogge. De pas is in inisjatyf fan it Snitser bedriuw MyriadM.
Neist de pas komt der ek in webside en in app dêr't alle Fryske dielnimmers harsels op presintearje kinne. Op dit stuit is it tal dielnimmende bedriuwen lyts, mar yn de kommende tiid sil dat groeie, tinkt direkteur Paul van Goor.