'Kompjûterhack komt soad foar'

08 apr 2013 - 11:44

It hacken fan de kompjûter is nei it stellen fan de fyts it meast foarkommende misdriuw. Dat blykt út in moandei publisearre ûndersyk fan de NHL en de plysje-akademy. It is it earste ûndersyk ûnder slachtoffers fan cyberkriminaliteit dat yn Nederlân útfierd is.

Mei-inoar ha mear as 9000 minsken oan it ûndersyk meidien. Hacken komt by 4.3% fan de minsken foar, wylst fan 5% fan de minsken de fyts wolris stellen is. Ek kompjûterfraude komt mei 3.5% in soad foar.

Jonge minsken tusken 15 en 34 jier rinne de measte kâns om slachtoffer te wurden fan cyberkriminaliteit. Dat hat te krijen mei harren aktiviteit op it net en it risiko dat se dêrby nimme. Oer cyberkriminaliteit by bedriuwen binne noch gjin sifers. In ûndersyk dêrnei rint noch en is nei alle gedachten oan 'e ein fan 'e simmer klear.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)