Twa drugsdealers oanhâlden

e_dolphins
Yn it ramt fan it ûndersyk nei drugshannel yn Noardeast-Fryslân hat de plysje de ôfrûne wike wer twa oanhâldings dien. It giet om in Surhúster (26) en om in man út Feanwâlden (34).
De Surhúster hannele yn kokaïne, speed en GHB. Hy waard foar neier ûndersyk ynsletten en freed troch de rjochter-kommissaris yn bewar steld. De Feanwâldster hie ferskate soarten drugs by him, doe't er oanhâlden waard. De plysje liet him nei ferhoar wer rinne.