Litouwers oppakt nei stellerij

08 apr 2013 - 09:58

Tanksij in alerte tsjûge hat de plysje moandeitemoarn betiid yn Frjentsjer twa Litouwers oppakt op fertinking fan it stellen fan autoradio's en navigaasje-ark. In buertbewenner seach de manlju rinnen yn de Thorbeckestrjitte.

De manlju fan 24 en 28 jier fielden oft de doarren fan parkearde auto's en wenten ek los wiene. De tsjûge skille de plysje op 1-1-2 en joech ek in goed sinjalemint fan it duo. De plysje fûn de manlju yn de Van Harinxmastrjitte. Ien fan de manlju hie in autoradio en navigaasje-ark yn syn rêchsek. Sy binne oanhâlden.

De twadde fertochte hie ek noch in navigaasjesysteem yn syn broeksbûse. Alle saken binne yn beslach nommen. Twa dupearre autobesitters hawwe al oanjefte dien. De plysje hâldt rekken mei noch mear oanjeftes.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)