Bûtenlânske sjauffeur yn trek

Yn it transport wurde hieltyd mear bûtenlanske frachtweinsjauffeurs ynhierd om de kosten te drukken. Dat seit Minke Jansma fan fakbûn FNV.
Neffens Jansma is it ynhieren fan goedkeapere, bûtenlânske krêften yn ferskate sektoaren op dit stuit ien fan de grutste problemen dêr't it fakbûn mei wrakselet. Der wurde wol ôfspraken makke mei wurkjouwers om dy ûntjouwing tsjin te gean, mar dy wurkje lang net goed genôch. Politike stipe is tige needsaaklik.