Hearrenfean ûnderút yn Grins

07 apr 2013 - 16:24

Yn in bomfolle Euroborg ferlear SC Hearrenfean snein mei 3-1 fan FC Grins. De ploech fan Marco van Basten kaam al yn de 3e minút op efterstân troch in eigen doelpunt fan Jukka Raitala. Fan 11 meter wie it Leandro Bacuna dy't de twadde Grinzer treffer binnenskeat.

Nei rêst krige Grins folop kânsen om de marzje fierder út te wreidzjen, mar fersomme de wedstriid yn it slot te smiten. Lukas Marecek profitearre optimaal troch de oanslutingstreffer te meitsjen. Michael de Leeuw soarge úteinlik foar de ferlossende tredde Grinzer treffer.

Mei it ferlies komt in ein oan de winstrige fan de ploech fan Marco van Basten, dy't de lêste fiif wedstriden wûn. SC Hearrenfean bliuwt op it 7e plak stean mei 38 punten út 29 wedstriden.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)