Joadebetinking Smellingerlân

Joadestjer
Smellingerlân betinkt moandei de Joadske slachtoffers fan de Twadde Wrâldoarloch. De betinking is yn it Van Haersmapark yn Drachten. By it Joadsk monumint sil boargemaster Van Bekkum in krâns lizze en sille skoalbern de nammen fan de slachtoffers opneame. Der wurdt ek in krâns lein út namme fan de feriening Drachten-Kiryat Ono. Dat is de stêd yn Israël dêr't Drachten mei befreone is.
De ynternasjonale dei fan de betinking fan de Joadske Twadde-Wrâldoarlochslachtoffers Jom Hasjoa is hjoed.