Man stelt liere by steiger

Yn Ljouwert is sneontemoarn in man trapearre op stellerij. De plysje koe de man, om't er wol faker oppakt wie foar itselde. Tsjûgen hiene sjoen dat de man op de Nieuweburen in liere oan it demontearjen wie en warskôgen de plysje. De liere lei dêr omdat in bedriuw út Frjentsjer dy brûkte by it bouwen fan in steiger.
De plysje hat de man op it Bonifatiusplein oanhâlden. De man hie de liere noch by him en bekende fuortendaliks. Hy is meinaam nei it buro, dêr't er noch fêstsit.