Swimbad provisoarysk makke

07 apr 2013 - 12:47

De gemeente Skiermûntseach lit in sânfilter yn swimbad De Dúnatter ynkoarten provisoarysk meitsje. Sa'n filter is ûnmisber foar de kwaliteit fan it swimwetter. Einst soe der in nijenien komme moatte, mar dat kostet 130.000 euro. Boppedat soe de ferfanging betsjutte dat it bad in moanne letter iepengean soe. Reparaasje is goedkeaper en der is gjin gefaar foar de kwaliteit fan it swimwetter.

De gemeente siket de kommende tiid nei in definitive oplossing foar it probleem mei it sânfilter.

Trefwurden: 
Skiermûntseach swimbad
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)