Prate oer takomst Dantumadiel

07 apr 2013 - 12:43

Undernimmers en organisaasjes kinne moandei yn Damwâld meiprate oer de takomst fan Dantumadiel. De gemeente hâldt dan in diskusjejûn oer de gearwurking mei oare gemeenten. Elk kin meiprate oer hokker foarmen fan gearwurking de gemeente kieze kinne soe. Earder hawwe der ek al sokke jûnen west foar ynwenners fan de gemeente.

De útkomsten fan de diskusjejûnen wurde brûkt foar in advys oan de gemeenteried. Dy nimt it úteinlike beslút oer de takomst fan de gemeente.

Trefwurden: 
Fúzje Damwâld gemeente
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)