Cambuur komt mei ferrassing

07 apr 2013 - 12:07

Cambuur komt moandei yn de útwedstriid tsjin FC Dordrecht mei in ferrassing yn de opstelling. Dat sei trainer Henk de Jong snein nei de ôfslutende training. Mohammed El Makrini is skorst. Michiel Hemmen en Melvin de Leeuw spylje net fanwege blessueres. De ferrassing soe wêze kinne dat Mart Dijkstra werom komt as sintrale ferdigener en dat Martijn van der Laan opskoot nei it middenfjild.

Yuri Rose, freed útafllen mei in blessuere, kin wol spylje. Cambuur hat noch seis punten nedich om wis te wêzen fan minimaal it fyfde plak.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)