Friezinne yn finale Concours

07 apr 2013 - 09:26

De 19-jierrige klarinettiste Astrid den Daas fan Aldskoat hat sneon yn Den Haach de finale berikt fan it Prinses Christina Concours. Se waard mei noch sân oare jonge musisy keazen út in groep fan 27 heale finalisten. Oan de foarronden diene dik 500 muzikanten tusken de tolve en de njoggentjin jier mei. Astrid den Daas spilet oer fjirtjin dagen yn de finale yn it Lucent Danstheater yn Den Haach. It Prinses Christina Concours organisearret al fjirtich jier wedstriden foar jonge musisy en komponisten.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)