Aris stunt tsjin Den Bosch

Aris Ljouwert © Omrop Fryslân
De basketballers fan Aris Ljouwert leine sneontejûn koprinner EiffelTowers Den Bosch oer de knibbel. Aris wûn mei 96-76. Healwei wie it yn it Kealledykje 45-34 foar thúsploech Aris. Nei it tredde kwart 63-56. De einsprint fan Aris wie fenomenaal, it lêste kwart waard mei 33-20 wûn. Whit Holcomb-Faye mei 24 en Samme Givens mei 23 punten wiene de topskutters oan Ljouwerter kant. Yn de reguliere kompetysje komt Aris noch ien kear yn aksje, takom sneon by nûmer lêst Rotterdam. Dêrnei begjinne de play-offs.