Winst Snits nei fiifsetter

06 apr 2013 - 18:43

De follybalfroulju fan Snits ha sneon mei in fiifsetter Dynamo Apeldoorn ferslein. Yn Apeldoorn gong de earste set mei 25-19 nei de thúsploech. Yn de twadde set stelden de froulju fan trainster Petra Groenland oarder op saken mei in 25-16 setwinst. Ek de tredde set gong mei 25-18 nei de Snitser froulju. In lytse tebeksetter (25-21 ferlies) soarge der foar dat der in beslissende fyfde set spile wurde moast. Dy waard mei 15-9 wûn troch Snits.

Trefwurden: 
Snits froulju follybal
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)