Mear besikers iepen huzedei

06 apr 2013 - 17:27

De iepen huzedei is sneon better besocht as ferline jier. Elk hûs hie yn trochsneed twa besichtigings. Boppedat wiene de besikers neffens NVM-Fryslân-foarsitter Albrecht Kok oer it gehiel entûsjaster as ferline jier. Dat is mei it each op de ekonomyske krisis fan no posityf, seit Kok.

Neffens Kok wolle in soad minsken wol in hûs keapje, mar it heakket op de finansiering en dat se it eigen hûs noch net ferkocht hawwe.

Trefwurden: 
NVM Albrecht Kok iepenhuzedei
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)