Damshûs fernijd en grutter

By iepenloftmuseum It Damshûs yn Nij Beets koene besikers sneon op de iepenmuseumdei it nije entreegebou besjen. Der is ek in nije tagongsdyk en der binne parkearplakken by kaam. Dat wie nedich fanwege ferkearsoerlêst op drokke dagen.
Frijwilligers hawwe de hiele winter drok yn it spier west om alles op 'e tiid klear te krijen foar dit museumwykein. Dit hiele wykein binne tal fan musea fergees tagonklik foar publyk. It Damshûs is útgroeid fan in feanarbeidershúske ta in rom opset iepenloftmuseum.
It tal besikers naam ta oant sawat njoggentûzen yn it jier en dêrmei kamen ek de ferkearsproblemen. Yn 2010 kaam in stik grûn te keap. Dat wie in kâns om de sitewaasje te ferbetterjen. It hat 650.000 euro koste en der moast sa sunich mooglik wurke wurde. It wurk is noch net hielendal dien. Der sil noch in eveneminteterrein oanlein wurde dat ek as ekstra parkearplak tsjinje kin. Fierders sille frijwilligers noch gers siedzje en de bestrjitting ôfmeitsje.