Fytsedief op kamera te sjen
Meiwurkers fan stedstafersjoch yn Ljouwert kamen yn de nacht fan freed op sneon troch kamerabylden in 44-jierrige Ljouwerter fytsedief op it spoar. Se seagen op de Piperstrjitte de man rommeljen oan in fyts. Dêrnei naam er de fyts mei.
De plysje trof de man op de Wurdumerdyk oan. Hy hie it slot fan de fyts fernield. De Ljouwerter hie in apparaat by him om slotten iepen te brekken. De man is oppakt.