'Untslach Batavus nuvere saak'

06 apr 2013 - 13:17

It CNV is it net iens mei it beslút fan fytsefabryk Accell de produksje fan Batavus en Sparta gear te foegjen en minsken dien te jaan. De Accelldireksje makke freed bekend dat de fytseproduksje fan Batavus en Sparta oergiet nei It Hearrenfean. Yn Apeldoorn komt in ûnderdielesintrum. Dat alles kostet 47 minsken op It Hearrenfean harren baan, sa hat de direksje oan de fakbûnen ferteld.

Frans Strolenberg (CNV) fynt it in frjemde saak dat by Batavus safolle minsken dien krije, wylst Spartawurknimmers fan Apeldoorn nei It Fean ferhúzje moatte.

Wat ek noch meispilet is dat by Batavus wurknimmers yn trochsneed 52 jier âld binne en de wurkgelegenheid op It Hearrenfean hiel min is. By Sparta is it personiel yn trochsneed folle jonger en yn Apeldoorn is mear wurk. By Koga Myata dat ek ûnderdiel is fan Accell falle gjin ûntslaggen.

Trefwurden: 
Sparta Accell Group CNV
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)