Rút foardoar fernield

06 apr 2013 - 12:28

In 43-jierrige ynwenner út Ljouwert is ôfrûne nacht oanhâlden, omdat er in rút fan de foardoar fan in wenning oan de Lambert Jacobszstrjitte yn syn wenplak fernield hie. De 51-jierrige bewenner hearde dat de fertochte raasde en seach dêrnei dat de man útnaaide. De plysje koe de Ljouwerter op It Fliet oanhâlde.

Trefwurden: 
rút
(advertinsje)