Oppakt nei falske 112-melding

06 apr 2013 - 12:14

In man (23) út Koatstertille is freedtenacht oanhâlden foar in falske 112-melding. Hy hie de meldkeamer trochbelle dat op de Tillewei yn Droegeham in dronken autobestjoerder tsjin in beam oan riden wie. Plysje, brânwacht en in ambulânse waarden oproppen, mar der wie neat te rêden.

Nei ûndersyk koe de plysje yn de Goudtsjeblomstrjitte yn Koatstertille de fertochte oansprekke. De meldkeamer belle syn nûmer en doe gie de tillefoan by de Tilster oer en koe de man oanhâlden wurde.

Trefwurden: 
112
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)