Feestgonger 'rêdt tafel ôf'

06 apr 2013 - 11:55

In 28-jierrige Snitser hat it freedtenacht mâl dien op in feestje by freonen oan de Petrus Groeniastrjitte yn Makkum. De man wie dronken en reage op in stuit alles fan de tafel ôf. De oaren setten him derút, mar doe fernielde er de foardoar en kaam der wer yn.

De optrommele plysje hâlde de man oan foar fernieling en hûsfredebrek. By it ferhear op it plysjeburo misledige er de plysje ek noch. Dêr krige er in bekeuring foar.

Trefwurden: 
Snits Makkum dronken
(advertinsje)