Buorfrou slein en skopt

06 apr 2013 - 11:45

In man út Easterwâlde is freedtenacht oanhâlden nei mishanneling fan syn buorfrou. De 27-jierrige man hie de 36-jierrige buorfrou slein neidat dy frege hie oft de muzyk ek wat sêfter koe. De man waard lilk en sloech en skopte de frou.

De pysje hâlde de man oan yn syn hûs oan de Hooge Esch. Der rint in ûndersyk nei de saak.

Trefwurden: 
mishanneling
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)