Weening poerbêst op jierdei

05 apr 2013 - 19:43

Pieter Weening is freed fiifde wurden yn de fiifde en foarlêste etappe fan de Ronde fan it Baskelân. Op syn 32e jierdei wie de 166 kilometer lange berchetappe swier en wiet. De rit waard wûn troch de Australiër Richie Porte. Pieter Weening kaam mei seis oaren fjouwer sekonden letter oer de einstreek. Yn it algemien klassemint klimt Weening nei it sechsde plak op 35 sekonden fan lieder Sergio Henao út Kolombia. Sneon wurdt it Baskelân ôfsletten mei in tiidrit oer 24 kilometer.

Trefwurden: 
hurdfytsen Pieter Weening
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)